'Mear oanlisplakken rûnfeart'

07 mrt 2012 - 11:55
  • It rapport waard oan board fan dizze rûnfeartboat oanbean....

Guon fan 'e grutste toeristyske attraksjes yn it Fryske Marregebiet binne min te berikken foar rûnfeartboaten. Dat stiet yn in rapport dat foarsitter Koopmans fan de Fryske Runfeart Undernimmers woansdei op de Snitsermar oanbea oan deputearre Jannewietske de Vries fan toerisme.

De rûnfeartûndernimmers fine it spitich dat se no net oanlizze kinne by attraksjes as it stoomgemaal by De Lemmer of it Jopie Huismanmuseum yn Warkum. De Fryske Rûnfeartûndernimmers ha mei-inoar 27 boaten. Se ferfiere alle jierren sa'n 120.000 minsken.

De passazjiers soargje mei-inoar foar in omset fan sa'n 5 miljoen euro. Nije oanlisplakken binne wichtich foar de ûndernimmers, omdat se dan nije rûtes farre kinne en de gasten nije arranzjeminten oanbiede kinne. Neffens deputearre Jannewietske de Vries wurde op ferskate plakken yn it marregebiet al plannen makke foar nije oanlisplakken, ek op 'e Lemmer en yn Warkum. De deputearre wol besykje om de plakken te realisearjen yn it ramt fan de twadde faze fan it Fryske Marreprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)