Mear oanfragen WW-útkearing

15 nov 2012 - 11:29
  • UWV

It tal oanfragen foar WW-útkearingen is yn Fryslân yn it ôfrûne jier mei 22,5 prosint omheech gien. Dat docht bliken út de meast resinte sifers fan it UWV. Yn totaal binne yn Fryslân oant ein oktober goed 14.000 oanfragen foar de WW dien. De sifers yn Fryslân binne dêrmei gelyk oan it lanlik gemiddelde, dat ek mei 22,5 prosint omheech gien is.

Benammen minsken yn de ekonomyske en administrative sektor hawwe it no dreech. Opfallend is ek dat hieltyd mear âlderen in WW-útkearing oanfreegje.

Foarhinne wiene it benammen jongeren en flekswurkers dy't har baan kwytrekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)