'Mear nijbou Drachten nedich'

20 sep 2007 - 10:58
  • 'Drachten moat derfoar soargje dat it de minsken wol bergje kin'

Smellingerlân moat der goed om tinke dat Drachten genôch nije wenten krijt. Dat fynt de riedskommisje Smellingerlân. Hieltyd mear bedriuwen komme nei it yndustryterrein oan de A7. Dy wurknimmers moatte ek earne wenje. Boppedat rint de gemeente bot achter mei nijbou foar senioaren.

Alle jierren soene der 350 huzen byboud wurde, mar dat tal wurdt net helle. Takom jier begjint de bou fan 450 huzen yn de wyk Vrijburgh.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)