Mear natuer by Feanwâlden

23 des 2012 - 09:51

By Feanwâlden begjint takom jier maaitiid de ynrjochting fan natuergebiet de Klyndobbe. It giet om in gebiet fan sa'n 50 hektare noardlik fan Feanwâlden. It wurdt in gebiet mei moeras en gerslân. Der komt ek in mooglikheid om te kanofarren, te fytsen en te kuierjen.

De gebietskommisje Bûtenfjild sil ek in kavelruil mei fiif boeren útwurkje. Dêrmei wurdt it lân frijmakke foar natuer, wurdt de ferkearsfeiligens ferbettere en kinne de boeren effisjinter wurkje. Begjin 2014 moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)