Mear natoer by Skearnegoutum

20 mrt 2009 - 11:56

Skearnegoutum hat der fan freed ôf twa natoergebieten by. Oan de noardkant is in stik rûge natoer oanlein en oan de súdkant in stik greide mei in natoeriisbaan en in kuierpaad.

Der is goed tsien jier wurke oan de komst fan de natoergebieten. Yn 1999 is it idee yn it doarp sels opkaam, mar pas nei de help fan gemeente en steatsboskbehear koe de skeppe de grûn yn. Freed wie de offisjele iepening fan de natoergebieten, dy't troch it doarp sels beheard wurde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)