Mear muskusratfangers nedich

13 jun 2003 - 00:00

It tal fangsten fan muskusratten yn Fryslân is ferline jier op 'e nij ôfnommen. Yn 2002 waarden der goed 47.000 muskusratten fongen. Dat binne der sawat 8500 minder as it jier dêrfoar.

De bestriding is dêrmei in súkses, neffens Wetterskip Fryslân. Dochs siket it wetterskip ekstra muskusratfangers. Dy moatte ek tefoaren komme dat de otters dy't ferline jier útset binne, yn de fûken telâne komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)