Mear mooglik by striid guozzen

28 apr 2012 - 10:18

As it om it bestriden fan de guozzen giet is folle mear mooglik as wy tinke. Dat wie it boadskip fan europarlemintariër Esther de Lange freed op in aksjemiddei fan boeren yn it lân by Boarnsweach. Op dit stuit binne der sa'n 40.000 guozzen dy't hjir it hiele jier bliuwe, mar dat binne der oer in pear jier miljoenen en dat kostet de boeren en de mienskip in slompe jild.

De guozzen frette it gers fan it lân. De boeren krije der in fergoeding foar, mar moatte der sels dik 1000 euro yn de moanne op talizze.

De oplossing is folle mear bejeie, fange en aaien bestekke. Mar dat mei net sa mar fan Brussel wurdt sein en dat is neffens Esther de Lange net sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)