Mear mooglik by oanpak krimp

19 jan 2012 - 20:57

De mooglikheden dy't trije gebieten yn Nederlân krigen ha om de gefolgen fan de weromrinnende ynwennertallen oan te pakken, wurde útwreide nei Noardeast-Fryslân. Dat is it gefolch fan in moasje fan CDA en PVV, dy't nije wike yn de Twadde Keamer yn stimming brocht wurdt. Omdat de VVD achter de moasje stiet, hellet dy in mearderheid fan de stimmen.

Noardeast-Fryslân hoecht dêrtroch bygelyks minder gau skoallen te sluten as dy te min learlingen hawwe. Troch de skoallen mei oare skoallen gearwurkje te litten kinne se dochs bestean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)