Mear monuminten Smellingerlân

19 jun 2008 - 11:44

De gemeente Smellingerlân besjocht oft it mooglik is in 25-tal gebouwen op de gemeentlike monumintelist te krijen. Dat hat wethâlder Veenstra tasein nei oanlieding fan de behanneling fan de notysje Monuminten en Beskermde Gebieten. It giet om gebouwen dy´t foar de Twadde_Wrâldoarloch boud binne.

Smellingerlân sil it ûndersyk útfiere yn gearwurking mei de monumintekommisje Hûs en Hiem. De gemeente hat sechstich gemeentlike monuminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)