Mear mitselders nedich

04 jun 2003 - 00:00

De Praktykoplieding Bou en de regionale opliedingssintra begjinne in wervings- kampanje foar jonge mitselders. Dy binne nedich om't in soad âldere mitselders mei pensioen geane en de belangstelling foar mitselopliedings ôfnimt.

Nettsjinsteande de ekonomyske krisis dy't ek en benammen de bou treft, bliuwe der in soad mitselders nedich. Letter komt in opgeande tiid en dan moatte de nije mitselders klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)