Mear minsken op skriuwkursus

08 nov 2008 - 12:53
  • De ambassadeurskursus

Der komt in offinsyf yn Fryslân om noch mear minsken nei de kursus lêzen en skriuwen te krijen. Ien op de tsien minsken hat nammentlik muoite mei lêzen en skriuwen. Om dy minsken sa fier te krijen om op les te gean, sille minsken dy't sa'n kursus al folge ha foarljochting jaan.

Sy krije dêrfoar earst sels in saneamde ambassadeurskursus oanbean. Dêrnei sille se foarljochting jaan op bygelyks gemeentehuzen en op lêzings oer dit ûnderwerp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)