'Mear minsken op kursus Frysk'

25 mrt 2008 - 13:30

De Afûk wol dat mear minsken in kursus Frysk folgje. Dat stiet yn it nije beliedsplan fan de Afûk. No folgje jierliks sa'n 1000 minsken in Fryske kursus. Binnen no en fiif jier moatte dat 3000 wêze.

Om dy doelstelling te heljen wurdt it besteande kursusoanbod mooglik útwreide. Sa komme der mooglik mear thúskursussen dy't op ynternet folge wurde kinne. Foar in earste proef dêrmei wie in soad belangstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)