Mear minsken mei de sykte fan Weil

22 des 2014 - 10:05

De GGD Fryslân hat dit jier folle mear meldings krigen fan minsken mei de sykte fan Weil. Dêr't gewoanwei twa oant fjouwer meldings normaal binne, wienen it der dit jier trettjin. De sykte fan Weil wurdt ek wol rottesykte neamd en wurdt feroarsake troch kontakt mei smoarch wetter.

De symptomen binne fergelykber mei gryp: hege koarts, spuie, spierpine en pine yn 'e búk. De sykte wurdt behannele mei antibioatika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)