'Mear mienskipssin by baptisten'

16 okt 2003 - 00:00

Ienriedigens en solidariteit, dy twa saken moatte wer op it foarste plak komme yn de Unie van Baptistengemeenten yn Nederlân. Dat sei de foarsitter fan de Baptistetsjerke, Fokke Kooistra, woansdei by de iepening fan de jierlykse algemiene gearkomste yn de Parktsjerke yn Ljouwert.

By de Unie binne sawat 12.000 minsken oansluten. Neffens Kooistra is der benammen by de jongerein in groeiend ferlet oan mear mienskipssin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)