Mear meldings oer oplichters

21 aug 2012 - 10:24
  • computer data feilichheid

De plysje yn Fryslân hat noch wer tsientallen meldingen krigen fan minsken dy't belle binne troch oplichters. Dy melde yn min Ingelsk dat de minsken in firus op de kompjûter ha, dat se dan ferhelpe kinne, want se binne fan Microsoft. Se besykje sa tagong te krijen ta gegevens of se sabotearje de kompjûter.

Nei in oprop fan de plysje yn de media kamen der in soad reaksjes by de plysje sels en ek yn de sojale media. De plysje sammelet de klachten en bringt se by it Fraudemeldpunt yn Swol foar fierder, lanlik ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)