Mear meldings húslik geweld

11 apr 2007 - 16:25

It tal meldings fan húslik geweld nimt drastysk ta, ek yn Fryslân. It tal telefoantsjes dat foarich jier by it Advies- en Steunpunt Huiselijk Geweld binnenkaam, is tanaam fan sa'n 30 nei mear as 120 yn 'e moanne.

Dat komt neffens it stipepunt om't der hieltyd mear publisiteit jûn wurdt oan húslik geweld. By in nije kampanje wurde bekende Friezen ynsetten. Dizze moanne binne sy te sjen op posters yn bushokjes en oare iepenbiere romtes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)