Mear meldingen diskriminaasje

20 mrt 2014 - 15:25
  • Tûmba

It tal meldings fan diskriminaasje is ferline jier op 'e nij tanaam. Der kamen by anty-diskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert 291 meldings binnen, dat binne 18 mear as yn 2012. Fan de meldings hie 40 prosint te krijen mei rasisme. Sa wurde bygelyks lytse bern op strjitte útlake en yn elkoar slein. Mar der is ek in melding binnenkaam fan in frou dy't ûntslein is om't se in poppe ferwachte. Neffens Tûmba wurdt folle mear diskrimineard as de monitor sjen lit. Mar 4 prosint fan de minsken dy't diskrimineard wurdt, soe it ek echte melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)