Mear lytsere wynmûneparken

08 nov 2013 - 12:00
  • Besteande wynturbines by Koarnwertersân

Der leit in nij plan foar de bou fan wynmûneparken yn Fryslân. It is betocht troch de Fryske Miljeufederaasje, it Komitee Hâld Fryslân Moai en it Platfoarm Duorsum Fryslân. Se wolle op ferskate plakken yn Fryslân lytse wynmûneparkjes fan fiif oant tsien mûnen realisearje. It prinsipe is twa âlde allinnichsteande mûnen tsjin ien moderne yn sa'n park.

It plan wurdt op dit stuit bestudearre troch deputearre steaten. As it trochgiet, giet der in streek troch de provinsjale plannen fan twa grutte wynturbineparken.

Dy twa grutte wynmûneparken soene komme moatte tusken Makkum, Boalsert en Harns en ien by Tsjalbert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)