Mear ljocht foar Hearrenfeangers

17 feb 2006 - 14:12

Der moatte mear ljochtynstallaazjes komme om it fjild fan sportklub Hearrenfean better te meitsjen. Dat seit stadionmanager Ab van der Meulen. It fjild yn it Abe Lenstra Stadion is min bespylber trochdat de tribunes no heger binne en der minder ljocht op it fjild komt.

It fjild is dit seizoen al twa kear fernijd, mar foldocht noch net. As der mear ljocht-units op it fjild stean, kin it gers better groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)