Mear legale strjitraces Drachten

30 okt 2002 - 00:00

De legale strjitraces yn Drachten krije in ferfolch. De gemeente Smellingerlân hat dat woansdei bekend makke. De trije earder hâlden proefraces binne sa goed ferrûn dat se in legaal alternatyf foar de yllegale races foarmje.

De sitewaasje is feiliger foar sjoggers en dielnimmers en der is minder plysje nedich. Takom jier wurde trije of fjouwer races hâlden op it fleanfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)