Mear learbanen nedich

16 maaie 2006 - 18:45

Der moatte mear learbanen foar jongerein komme. Dat fynt ûndernimmersorganisaasje MKB Noard. Mei twa aksjes wol de organisaasje foar it midden- en lytsbedriuw besykje ûndernimmers oer de streek te heljen om jongeren in plakje yn har bedriuw oan te bieden.

De komende dagen sille learlingen fan de Friese Poort mei Fryske bedriuwen belje. Ek rydt der in spesjale bus by Noardlike bedriuweterreinen lâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)