Mear lean foar suvelpersoniel

14 feb 2008 - 15:47

Meiwurkers fan suvelfabryk Hochwald yn Boalsert hawwe in nije cao. De 160 man personiel krije der takom jier goed 3% lean by. De ûnderhannelings keallen_swier, om't Hochwald in 38-oerige wurkwike ynfiere woe. Dat útstel helle it net.

De fakbûnen binne tefreden oer it resultaat. Dit is de earste bedriuws-cao sûnt Hochwald it suvelfabryk twa jier ferlyn oernaam fan Nestlé. De CAO jildt foar in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)