Mear lean foar minsken yn sosjale wurkfoarsjenning

22 des 2015 - 21:34
  • Caparis

De 100.000 wurknimmers yn de sosjale wurkfoarsjenning yn Nederlân krije yn july takom jier leansferheging. Dat stiet yn it nije CAO-akkoart. It is it resultaat fan sa'n twa jier ûnderhanneljen troch fakbûnen en de Feriening fan Nederlânske gemeenten.

De wurknimmers krije itselde persintaazje ekstra lean as wat de gemeenten oan ekstra jild ûntfange. Boppedat wurdt de einjiersútkearing yn 2016 ferhege mei 3,7 persint en krije de wurknimmers yn maart ien kear 325 euro útkeard.

Soarchplicht

Om ûntslaggen foar te kommen wurdt ek de soarchplicht yn de CAO opnommen. Dat hâldt yn dat gemeenten ferplichte binne om minsken oan nij wurk te helpen as in wurkplak ferfalt. 

Staking

Yn novimber leinen sa'n 160 Fryske wurknimmers fan de sosjale wurkfoarsjenning it wurk del. Se setten ôf nei it Maliefjild yn Den Haach om aksje te fieren foar in bettere CAO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)