'Mear kultuerproduksjes Fryslân'

29 sep 2004 - 10:50

Der moatte yn Fryslân mear kultuerproduksjes komme. Dat fynt deputearre Bertus Mulder. Mulder presintearre woansdeitemoarn de plannen dy't de provinsje de kommende jierren hat mei de kultuer yn Fryslân.

It sels meitsjen fan Fryske produksjes soe soargje moatte dat der mear minsken fan bûtenôf nei Fryslân ta komme. Dat soe ek wer goed wêze foar de ekonomy. De provinsje lûkt oant '08 hast 250.000 euro út foar de kultuer yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)