Mear kultuer foar bern yn SWF

18 maaie 2011 - 15:17

De kultuerynstellings yn Súdwest- Fryslân wolle mear skoalbern ynhelje. Der is in kultuernetwurk foar opset. Dat netwurk hâldt kontakt mei de skoallen yn de regio en de ferskate kultuerynstellings. It netwurk regelt besites oan ynstellings.

It netwurk bestie al langer yn Snits, mar wurdt no fierder útwurke oer de rest van de gemeente. De nije brosjuere fan it netwurk waard woansdei presintearre op in konferinsje yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)