Mear kuierders Alvestêdetocht

15 feb 2005 - 19:37

Der sil dit jier in rekord tal minsken meidwaan oan de Alvestêdekuiertocht. Dat docht bliken út it tal oanmeldings dat oant no ta binnen kaam is. Dat binne der goed tûzen.

Njonken de fiifdaagse- en de deitocht kinne kuierders der no ek foar kieze om twa dagen mei te rinnen. Meiïnoar kinne der 3.000 minsken ynskreaun wurde foar dielname oan it evenemint. In pear hûndert mear as yn 2004. De Alvestêdekuiertocht is yn maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)