Mear krystwinsken fia regiopost

22 des 2004 - 16:47

Regiopost ferwurket dit jier folle mear krystpost as oare jierren. Dat fernimme se ûnder oare by Merenpost yn Snits. Neffens har ha minsken it jild der wer foar oer om tsientallen krystkaarten te ferstjoeren.

Krystwinsken ferstjoere fia ynternet is wat yn it ôfgean om't minsken it te ûnpersoanlik fine. Merenpost is goedkeaper as de TPG. It bedriuw ferwurket de post mei in pear minsken, mar hat wol sa'n hûndert besoargers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)