Mear kontrôles yn natoergebiet

10 apr 2014 - 11:30
  • Nasjonaal park Drents Friese Wold

Plysje en Steatsboskbehear starte heal april mei mear kontrôles yn natoergebieten yn Fryslân. It giet benammen om kontrôles yn nasjonaal park it Drents-Friese Wold. Hjir wurdt de ôfrûne tiid in soad ôffal dumpt. Ek krijt de plysje hieltyd mear meldings fan fernielings en stellerij yn it park.

Dêrneist sille plysje en Steatsboskbehear ek kontrolearje op oertredings lykas crosse mei motors, losrinnende hûnen en minsken dy't mountainbike of hynsteride njonken de dêrfoar bedoelde paden. Doel is om it fersteuren fan briedfûgels foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)