Mear kontrôle op tbc-baktearje

02 maaie 2014 - 15:23
  • Tbc-ûndersyk

De GGD-Fryslân hat no sa'n 200 minsken kontrolearre op besmetting mei de tbc-baktearje. De oanlieding is de ûntdekking fan de baktearje by in Ljouwerter, goed twa wiken lyn. Doe binne fuort 100 minsken út syn neiste omjouwing kontrolearre, 29 fan har wiene besmet. Nei oanlieding dêrfan ha har nochris 100 minsken melden by de GGD. Dy wurde op it stuit noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)