'Mear kontrôle Griene Stjer'

30 maaie 2009 - 16:14

Yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert moat in offisjeel homomoetingsplak komme mei mear plysjekontrôle. Dat seit direkteur Cees van Balen fan homobelange-organisaasje COC Fryslân nei oanlieding fan de swiere mishanneling fan in Ljouwerter (61).

De man waard begjin maaie by de Griene Stjer oerfallen, mishannele en bedrige. Yntusken hat de plysje dêrfoar fiif manlju út Feanwâlden oanholden. Neffens Van Balen nimt de agresje tsjin homo's de lêste tiid ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)