Mear konferinsjes nei Ljouwert

06 jun 2011 - 11:26
  • Argyffoto: it laboratoarium fan Wetsus

Ljouwert moat alle jierren in grutte wittenskiplike konferinsje binnenhelje. Dat is de ambysje fan de gemeente, de provinsje en wetterynstitút Wetsus. Dit waard moandei sein by de start fan de tredde Microbail Fuel Cell konferinsje.

Sa'n 250 wittenskippers fan oer de hiele wrâld binne nei Ljouwert takaam om mei elkoar te praten oer it meitsjen fan stroom mei help fan baktearjes. De eardere konferinsjes wiene yn Amearika en yn Súd-Koreä.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)