Mear kofjemolke Súdeast-Azië

22 des 2006 - 14:56

Suvelkonsern Friesland Foods wreidet flink út yn Yndonesië. De kapasiteit fan it molkfabryk yn Salatiga wurdt foar 21 miljoen euro útwreide. Dat moat om oan de tanimmende fraach foar kofjemolke yn Súdeast-Asië te foldwaan. It tal meiwurkers nimt ta fan 80 nei 180.

Friesland Foods nimt ek in mearderheidbelang yn Frisian Flag Indonesia. It suvelbedriuw hie yn dit bedriuw in oandiel fan 21 %, en no 78.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)