Mear koarte fakânsjes Fryslân

15 aug 2012 - 07:24

De populariteit fan Fryslân as bestimming foar in koarte fakânsje nimt ta. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

Ferline jier giene mear as in miljoen minsken foar in koarte fakânsje nei Fryslân, Grinslân of Drinte. Tsien jier lyn wiene dat der noch sa'n 800.000 yn it jier. Fan dy miljoen komt de helte nei Fryslân. Fral senioaren komme graach foar in koarte fakânsje nei Fryslân, seit Hanita van der Schaaf fan Fryslân Marketing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)