Mear klanten foar foedselbank

01 feb 2012 - 12:52
  • Biskop De Korte

De Ljouwerter foedselbank helpt op it stuit ûngefear 600 minsken ien kear yn 'e twa wiken oan in foedselpakket. It tal klanten is dêrmei in kwart heger as ferline jier. Foarsitter Sytze Faber fan 'e Foedselbank sei dit tongersdei by de besite fan biskop De Korte fan Grins-Ljouwert oan 'e foedselbank.

De katolike tsjerke is, lykas ek in soad oare tsjerken, in wichtige sponsor fan 'e foedselbank. Biskop De Korte fynt dat it lânsregear wol wat mear omtinken hawwe mei foar it bestriden fan earmoed.

De biskop hâldt him foar de Nederlânske biskoppekonferinsje dwaande mei it earmoedebelied. Hy fynt it tanimmen fan de earmoed soarchlik. De Ljouwerter foedselbank hat ferline jier foar 250.000 euro oan iten en drinken útdield oan sa'n 250 húshâldings yn Ljouwert en buorgemeentes. De foedselbank helpt allinnich minsken dy't minder as 180 euro yn 'e moanne te besteegjen hawwe foar klean, iten en drinken. De klanten binne faak minsken mei skulden. De lêste tiid docht ek in groeiende groep ZZP'ers berop op de foedselbank. It giet dan om ZZP'ers dy't troch de krisis yn 'e problemen kommen binne. Sy moatte faak in skoft wachtsje foardat se in útkearing krije kinne en kloppe dan by de foedselbank oan foar help.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)