Mear klachten troch gebrûk pur

03 jul 2013 - 10:18
  • De Krûdebuert op It Hearrenfean

Der binne 30 klachten binnenkommen fan bewenners fan de Krûdebuert op It Hearrenfean, nei oanlieding fan in brief fan wenningboukorporaasje WoonFriesland. Bewenners fan de wyk hienen lêst fan pineholle, dûzelichheid en yrritearre luchtwegen. Neffens de bewenners soene de problemen te krijen hawwe mei resint renovaasjewurk mei ûnder oare pur. De brieven moasten foar 21 juny binnen wêze. De GGD sil ynkoarten begjinne mei it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)