Mear klachten oer sûnenssoarch

15 jul 2004 - 11:31

It ynformaasje- en klachteburo sûnenssoarch Fryslân hat ferline jier folle mear klachten en fragen behannele as it jier dêrfoar. Ferline jier wiene dat der 780, yn 2002 460. It klachteburo ferklearret de groei ûnder oare troch de meldwiken dy't ferline jier hâlden binne.

Minsken waarden oproppen om mei fragen en klachten te kommen oer de Dokterswacht en oer de regionale yndikaasje-organen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)