Mear klachten oer kontainers

31 jul 2004 - 14:27

De plysje Fryslân krijt rûnom út de provinsje wei klachten oer it bedriuw Container Cleaning. Omrop Fryslân melde earder dat it bedriuw kontrakten ôfslút foar 65 euro yn 't jier. Dêrfoar wurdt de kontainer ien kear 'e moanne skjinmakke. Dat bart net, wylst it jild wol ôfskreaun wurdt.

Plysjewurdfierder Gunnink ropt dupearren op om foaral oanjefte te dwaan. Allinnich dan kin it bedriuw oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)