Mear klachten oer fleanbasis

22 maaie 2001 - 00:00

Ferline jier binne folle mear klachten oer de Ljouwerter fleanbasis ynkommen. Yn 1999 wiene it noch 172, wylst yn 2000 354 minsken oan 'e belle lutsen. It tanommen tal jûnfluchten smyt in protte argewaasje oer leven op.

De twadde startbaan fan 'e fleanbasis moat 2008 mooglik ticht. Der is gjin jild foar needsaaklike oanpassing. De starts sille útfierd wurde op baan 1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)