Mear klachten oer fandalisme

31 aug 2006 - 06:15

Ynwenners fan Dongeradiel ha yn it earste part fan dit jier mear klachten yntsjinne oer fandalisme as yn it jier dêrfoar. Oant no ta binne dat goed njoggentich. Ferline jier wiene dat om dizze tiid hinne tsien minder. Se komme by de gemeente binnen op in spesjaal tillefoannûmer.

In soad klachten geane oer fernielings en oer it yllegaal dumpen fan ôffal. Hoewol't der in soad klachten binne, wurdt in dieder hast noait pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)