Mear keapsneinen yn Ljouwert

18 jun 2013 - 07:29
  • Keapsnein

Ljouwert krijt nei alle gedachten 22 keapsneinen yn it jier. No binne dat noch 19. Yn de kommisjegearkomste waard moandeitejûn praat oer it kolleezjefoarstel foar de útwreiding. VVD en D66 wolle alle sneinen frij jaan.

Neffens CDA, ChristenUnie en de groep Brakenhof kin Ljouwert ta mei tolve keapsneinen yn it jier. De measte partijen lykje foar de tuskenfariant te kiezen. It kolleezje komt foar 1 novimber mei in definityf stik nei de gemeenteried oer it tal keapsneinen. Op basis dêrfan nimt de gemeenteried in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)