Mear kânsen foar natuer

14 feb 2011 - 18:48

Boeren yn Súdeast-Fryslân sille gearwurkje om de natuer yn it gebiet mear de kâns te jaan. Der moat mear romte komme foar bygelyks in stik greide mei blomkes oan de wâlskant.

Om dêr genôch jild foar te krijen wurde de oanfragen mienskiplik dien. De kâns dat Europa dan jild jout is in stik grutter. De organisaasje achter de 300 boeren en natuerferienings is ELAN. Dy hat him ta doel steld om te ûndersykjen wat boeren dwaan kinne foar natuer, rekreaasje en miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)