Mear kano's op De Jouwer

29 maaie 2011 - 10:13

Kanoferiening De Kanoniers fan De Jouwer hat ynkoarten wer genôch plak foar alle kano's. Sneon hat de kanoferiening by it 25-jierrich jubileum it nije klupgebou oplevere krigen.

De feriening hie te krijen mei romtetekoart, omdat der hieltyd mear minsken lid wurde woene. Dêrom wie der sels in wachtlist. Nei ferwachting is de nije romte oer sa'n twa wiken hielendal klear. Der is dan plak foar sa'n 60 ekstra kano's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)