Mear kameratafersjoch Ljouwert

26 jun 2004 - 13:40

De VVD wol mear kamerabewaking yn it sintrum fan Ljouwert. Tongersdeitenacht wie der foar de safolste kear in insidint. In 45-jierrige kafeebesiker waard by parkeargaraazje Hoeksterein delsketten en yn beide skonken stutsen. De twa oerfallers wiene út op syn jild, mar dat woe er net jaan.

De ôfrûne trije wiken waarden ek al twa minsken mei in mes delstutsen. De plysje wurket mei acht minsken oan 'e saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)