Mear kamera's Ljouwert ûnwis

13 jun 2007 - 09:09
  • B en W wol mear kamera's, lykas hjir yn de Doelesteech

De Ljouwerter polityk hat it kolleezje fan B en W noch gjin grien ljocht jûn foar it ophingjen fan mear kamera's yn it sintrum fan Ljouwert. Op dit stuit hingje der trije kamera's yn it sintrum foar tafersjoch op it útgeanspublyk. Neffens B en W soene dat der mear wurde moatte.

Mar de earste resultaten fan dy kamera's binne net geweldich. Ut ûndersyk fan de NHL docht bliken dat it útgeansgeweld net ôfnommen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)