Mear kaarten foar WK Allround

09 jan 2007 - 22:23

De KNSB bringt dochs noch 2500 kaarten foar it WK_Allround fan 9 oant 11 febrewaris op Thialf yn 'e ferkeap. Oer 'e kaartferkeap ûntstie grutte opskuor omdat noch gjin tsien persint fan de kaarten yn 'e frije ferkeap beskikber wie foar leafhawwers.

Hast alle kaarten wiene foar sponsors en relaasjes. De 2500 kaarten - net ferkochte kaarten foar iisclubs - binne al fersein oan minsken dy't by Thialf op de wachtlist steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)