Mear jongerewurk op skoallen

20 mrt 2007 - 22:20

It jongerewurk op de Piter Jelles- skoalle yn Ljouwert foldocht sa goed dat mear skoallen yn Ljouwert it foarbyld no folgje sille. Comenius, Beijers Naudé, Gomarus en it AOC sille no ek oan de slach mei in jongerewurker. Skoallen krije earst subsydzje foar de jongerewurker en moatte it letter sels betelje.

Fierder komt der yn Ljouwert jongerewurk foar de wiken Aldlân, Ald- East en Suderbuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)