Mear jongeren yn De Terp

20 jun 2007 - 16:08

By de nachtopfang fan De Terp yn Ljouwert klopje hieltyd mear jongeren oan. Dit omdat se fierder yn Ljouwert gjin plak krije kinne. Ien fan de oarsaken is de feroaring yn mentaliteit fan de jongeren, seit direkteur Van Anken fan SMO Fryslân.

Om de groei op te fangen wol SMO Fryslân in ekstra opfangsintrum yn it sintrum fan de stêd iepenje. De Ljouwerter ried moat noch wol te set oer de nije lokaasje foar de opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)