Mear jongeren yn de bou nedich

31 maaie 2010 - 22:53
  • Der moatte yn de takomst mear jongeren yn de bou omstappe

Boubedriuwen en oplieders liede de needklok omdat der in grut tekoart oan personiel driget yn de bou. De kommende jierren binne allinne yn Fryslân al 500 oant 700 nije minsken yn it jier nedich.

De reden fan 'e personielskrapte is dat in soad wurknimmers oerstappe op oar wurk of mei pensjoen gean. De jongerein kiest hieltyd minder foar in oplieding yn 'e bou. In foarljochtingskampanje moat it imago fan 'e bou ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)