Mear jongeren oan it wurk

18 nov 2005 - 09:29

De ekstra ynset dy't levere is om jongerein oan it wurk te helpen, docht fertuten. De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier yn de groep oant 23 jier mei goed 30 persint ôfnommen.

De medalje hat lykwols hjir ek twa kanten. De banen kinne mar ien kear ferjûn wurde. Foar elke jongere dy't de baan krijt, is der in âldere dy't thús sitten bliuwt. De helte fan alle minsken dy't no noch in baan sykje, is âlder as 40 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)