'Mear jongeren nei stimbus'

15 mrt 2009 - 12:30
  • CDA wol mear jongeren nei de stimkompjûter krije

It CDA yn Tytsjerksteradiel wol dat der opnij wat dien wurdt om jongeren nei de stimbus te krijen. De partij wol dat der in folder komt mei ynformaasje foar jongeren dy't foar it earst stimme meie.

It CDA tinkt dat soks 10.000 euro kostje moat. Sân jier lyn waard der yn Tytsjerksteradiel ek in aksje hâlden om jongeren nei de stimbus te krijen. Doe waard in laptop ferlotte ûnder alle stimmers tusken de 18 en 24 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)